Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Under Fjoer 0205 Bløf

Under Fjoer 0205 Bløf

03 Desimber 2003

De manlju van Bløf litte har troch Under Fjoer ûntfange yn de Oosterpoort, foarôfgeand oan in optreden yn Grins. It petear giet oer lot en tafal. De dea fan drummer Chris Götte spilet dêr in grutte rol yn. De ôflevering oer Bløf bestiet neist it ynterview út opnamen fan it optreden yn de Oosterpoort.

Spegels: Metalband Room no.13 en Poppeteater

Spegels: Metalband Room no.13 en Poppeteater

28 Maart 2002

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze kear: twa fan de lêste marionettespilers yn Nederlân mei harren poppenteater. En hoe is it om yn in metalband te spyljen? Room no. 13 nimt ús mei.

Spegels: Poezij en folksdûnsjen

Spegels: Poezij en folksdûnsjen

10 April 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: de nacht fan de poezij en folksdûnsjen yn Garyp mei seishûndert dûnsers.