Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRANKE_SLOOTHAAK

Franke Sloothaak: springruter

16 Oktober 1994

Portret fan springruter Franke Sloothaak, berne yn 1958 en opgroeid yn Rotsterhaule. Hy wie gek mei bisten en koe al betiid goed mei hynders. Hy hat 16 hynders op stâl en rydt tal fan konkoersen. Hy fertelt oer syn wurk, en we sjogge him by wedstriden en op de training. Ek syn âlden komme oan it wurd en der binne argyfbylden fan de jonge ruter.

Tritigers 0101: The Lost Generation

Tritigers 0101: The Lost Generation

05 Novimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it earste diel stiet de ferbouwing sintraal. Tritigers keapje it leafst in âld hûs, dat ferboud wurde moat. Ek wurdt omtinken jûn oan klean en muzyk út de tachtiger jierren.

Hjoed: Mosk fersteurt opbou Domino Day

Hjoed: Mosk fersteurt opbou Domino Day

14 Novimber 2005

In nachtmerje foar alle makkers fan Domino Day; it jierlikse megaspektakel mei de dominostientsjes yn it FEC yn Ljouwert. In mosk is de hal dit wykein ynflein en feroarsake in ravaazje. It fûgeltsje gie op ferskate plakken sitten en dertroch binne goed tsientûzen stientsjes fan ferskate projekten omfallen. De skea is grut.