Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RIDERIJEN_110201_WR

Rijderijen in Frieschen trant: skiednis fan it koartebaanriden

11 Febrewaris 2001

It koartebaanriden wie foar de oarloch populêr yn Fryslân. Al yn de 18de iuw skreaunen kastlein wedstriden út - foar de manlju 160 meter en 140 foar de froulju - en rieden de winners om prizen. De reedrydwedstriden lutsen grutte kloften publyk. Ald-kampioenen, lykas Atje Keulen-Deelstra, komme oan it wurd en saakkundige Hedman Bijlsma fertelt oer de skiednis. Neist prizen is der ek in soad argyfbyld te sjen. Ek Thialf op It Hearrenfean hat in baan foar de koartebaanwedstriden.

No Wy: Marne College

No Wy: Marne College

11 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering De Tas folgje we learlingen fan it Marne College yn Boalsert dy't sels in film meitsje oer in tas. De film lit in dei út it libben fan in skoaltas sjen, lykas ûnderweis mei de bus en op skoalle by it tekeneksamen. Regisseur Leslie Piggott, kameraman Yde Vrieswyk en haadrolspylster Berber Sieperda fertelle oer it meitsjen fan de film.

Tritigers 0106: Skulden

Tritigers 0106: Skulden

10 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel giet it oer skulden. Ger Jaarsma fan de Kredytbank leit út hoe't it komt dat safolle tritigers skulden ha.