Fan spitkeet oant serre (diel 2)

19 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. We sjogge in soad argyfbyld. Nei de oarloch begjint de Wederopbouw, der is grut ferlet fan wenningen. Duplekswenningen en spitlevelwenningen wurde ûntwurpen en nije wiken as Bilgaard mei allerhanne wenfoarmen yn ien wyk, fan leech- oant heechbou mei foarsjenningen en in hoop grien. De earste bewenners fan Heechterp wenje noch altyd yn de Ljouwerter wyk. Yn Hallum waard de 50.000ste wenningwetwenning oplevere yn 1966, de bewenners wenje der no noch. Yn de jierren santich waard it minder rjocht en kamen der wiken mei 'hofkes' en grien sa as Aldlân yn Ljouwert. Ek wenningkorporaasjes feroaren, hierwenten kamen yn de ferkeap, waarden sloopt of krekt opknapt. In nij tekoart oan hierwenten driget.