Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Stoned Frommes en Roel Slofstra

Spegels: Stoned Frommes en Roel Slofstra

13 Maart 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze kear in muzikale útstjoering mei in bysûndere muzykgroep: Stoned Frommes. En de nije CD fan Roel Slofstra.

LTV_SASEACH_1_JOHAN_VAN_DER_ZEE

Sa seach ik Fryslân 1: Johan van der Zee

16 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel ien praat er mei programmamakker Johan van der Zee oer syn reportaazjes dy't er oer Fryslân makke foar it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. Syn earste ûnderwerp wie it muzykkorps fan De Harkema, de amateurs spilen op it Holland festival.

LTV_FERSET_EN_FERRIED

KP fan Seisbierrum: ferset en ferried

01 Maaie 1994

Fjouwer manlju, leden fan de Knokploech fan Seisbierrum, binne yn 1944 deasketten troch de Dútsers foar har belutsenheid by it ferset, ûnder oare de oerfal op it gemeentehûs fan Sint-Anne dêr't se it befolkingsregister weinaam ha. Neibesteanden fertelle oer de geheime skûlplakken yn û.o. de pleats by Liauckamastate en hoe't de Dútsers de mannen oppakke koenen nei't se tipt wienen troch ferrieder Frans Michon. De fjouwer mannen wienen Lolle Rondaan, Folkert Bergsma, Gerrit Schuil en Gerben Derisé Oswald.