Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De dei nei de tocht 1997 #1

De dei nei de tocht 1997 #1

05 Jannewaris 1997

Dit is in neibeskôging fan de tocht fan ’97. Yn dizze útstjoering binne reportaazjes oer: de lêste riders om tolve oere, it opromjen nei de tocht, trije Brabanners dy’t mei muoite it krúske helle ha, de ferwûnen yn it sikehûs, petearen mei de toerriders en in petear mei rayonhaad Veldstra.

Studearje yn unifoarm

Studearje yn unifoarm

01 Septimber 1996

Dizze dokumintêre út 1996 giet oer de seefeartskoalle Willem Barentsz op Skylge. It maritym ynstitút hat in eigen trainingssimulator. Ek wurdt der gebrûk makke fan in fideoskerm en in folslein ynrjochte skipsbrêge.

LTV_GERRIT_DE_WILDE_050904_WR

Technyk & gefoel: portret fan byldzjend keunstner Gerrit de Wilde

05 Septimber 2004

Gerrit de Wilde komt fan Beverwijk mar wennet al jierren yn Makkum. Hy makket in ferskaat oan keunst en skriuwt ek. Hy hat gjin boadskip, mar kwetsberheid en agresje komme geregeld werom yn syn wurk. We sjogge him oan it wurk yn syn atelier, by syn selsboude motor en syn wurken. Hy fertelt oer syn libben en ynspiraasje, syn leafde foar de see en kikkerts.