Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Blommekweker

Wurktiid TV: Blommekweker

11 Oktober 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer blommekweker Klaas-Jan Prakker. Earder hie er skiep, mar no sit er yn de blommen. Hy fertelt dat it arbeidsyntinsyf is, se rispje mei de hân. Hy krijt help fan de 14-jierrige T. Karbed. Karmaster fan de feiling, H. Harms, leit út wêr't in goede blom oan foldwaan moat.

Sjoch mar: Tang Soo Do

Sjoch mar: Tang Soo Do

24 Novimber 1997

Arjen de Boer leart Tang Soo Do, in âlde Koreaanse fjochtsport. It Nederlânsk kampioenskip dêrfan wie yn Ljouwert.

MG tefee mei Sybe Satellyt 23

MG tefee mei Sybe Satellyt 23

01 Maaie 2003

Omdat de potkachel fan Sybe wat te folle reek jout en net rjocht baarne wol, giet er op syk nei oare foarmen fan branje. Fan Slochteren en Grins ôf, giet er nei Koatstertille en Aldeboarn. As lêste plak docht er De Gordyk noch oan. Mar úteinlik fynt Sybe sels gas tichtby syn eigen húske.