Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_200202_EIM_projekt

Sadwaande: EIM-projekt

20 Febrewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer it EIM-projekt. EIM stiet foar Eigen Initiatief Model en dizze kursus wurdt jûn op it Friesland College oan minsken mei in ferstanlike beheining. Se leare om harsels better te rêden en mear foar harsels op te kommen. We folgje Thea de Jong dy't hiel goed mei hynders kin en sjogge by Sonja van der Wal dy't keukenhelp is. Ek prate we mei begelieders. En Ingrid krijt help by de presintaasje fan Jan Jelle Draaisma. Floris wol de gong skilderje, mar oft se dat handich oanpakt...

Kompilaasje 7e Klasse A

Kompilaasje 7e Klasse A

11 Novimber 2002

De moaiste reportaazjes út de seary oer de kompetysje yn de 7e klasse A (de kelder fan it amateurfuotbal).

Spegels: Dosint drama en Ontfriezen

Spegels: Dosint drama en Ontfriezen

29 Maaie 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering folgt Spegels in dei fan in dramadosint by it NHL en de amateurkaberet foarstelling 'Ontfriezen'.