Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Tsjerke-oargelrestauraasjebedriuw

Wurktiid TV: Tsjerke-oargelrestauraasjebedriuw

21 Maaie 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it Ljouwerter bedriuw dat tsjerke-oargels restaurearret, net inkeld it houtwurk mar ek de pipen. Tilly Nak wurke 22 jier by de Rabobank en is bêste kollega. En der is in oprop foar wurk en arsjitekteburo Grunstra siket in projektlieder.

Sjoch mar: Boksgala

Sjoch mar: Boksgala

15 Desimber 1997

Der is in nasjonaal boksgala yn Drachten wêr't 22 boksers út Nederlân it tsjin mekoar opnimme. Friezen Gauwe Visser út Drachten en Isa Adamou út Ljouwert dogge ek mei.

It Wetter Op 2: Tsjûkemar (2)

It Wetter Op 2: Tsjûkemar (2)

20 July 1999

Ferslachjouwer Albert Jensma en kameraman Gerko Jonker binne noch hieltyd op de Tsjûkemar, de grutste mar fan Fryslân, Se prate mei beropsfisker Eppie Visser oer syn wurk en mei Cees Griffioen, finansjeel topman by KPN oer de skjintme fan de mar. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.