Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Under Fjoer 0201 Foarbeskôging

Under Fjoer 0201 Foarbeskôging

05 Novimber 2003

Femke, Gringa, Roelof, Nynke, Douwe Gerlof en Tetje meitsje har ree foar in fjouwertal petearen mei bekende Nederlanners. Alle gasten binne minsken dy't allegear yn in oare dissipline, op de ien of oare wize in súksesferhaal te fertellen ha. In ferhaal dat keppele wurdt oan de ambysjes, idealen en dreamen, mar ek oan fragen en twivels fan de ynterviewers sels. Presintaasje Miranda Werkman.

Wyn op woansdei: Uterlik

Wyn op woansdei: Uterlik

25 Septimber 2002

Programmamakker Gerard van der Veer wol witte wêrom't guon minsken opfalle wolle as it om har uterlik giet. Wat giet yn har om? Hy praat mei bodybuilder René. Hy traint foar it WK, yt 14 makrelen yn de wike en yt foar 250 euro yn de wike oan sûn iten. Maaike is sljocht op klean, se hat der sels in aparte keamer foar. Har styl is Gothic, en har hier is pears. Philip is tattoo-earder. Syn eigen lichem sit ek hielendal fol. Mei Theo Bouman, klinysk psycholooch, praat Gerard deroer oft soks no genetysk bepaald wêze kin.

LTV_UTEINROCK_WEROMROP

Uteinrock 1992

07 Maart 1992

Programma mei live-optredens fan ferskate bands op Uteinrock, yn it Bolwurk yn Snits, it earste Frysk-Keltyske popfestival. De Fryske bands Reboelje en Wiegels Wjukkelmasine trede op en Ffa Coffi Pawb, Beganifs en Yr Anhrefn út Wales, The Collaborators út Skotlân en E.V. út Bretanje.