Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_NIJE_NATUER_051195_WR

Nije natuer

05 Novimber 1995

We sjogge by trije projekten dy't nije natuer opsmite moatte. By Appelskea is 200 bunder bosk kapt om de stosân yn it gebiet de romte te jaan. Net elk begrypt dit plan fan Steatsboskbehear. Fûgelwachters by Jistrum binne net wiis mei de plannen fan Steatsboskbehear om in stik greide om te foarmjen nei sompe. De stinzen Staniastate (Oentsjerk) en De Klinze (Aldtsjerk) wurde mei elkoar ferbûn troch ruilferkaveling en nije natuer. De lânskipsarsjitekt leit syn plannen út, der moat ek in menpaad komme.

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

30 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk op de fearboat nei Skylge. Bêste kollega is boufakker Sake Elzinga. En der is wer in oprop foar wurk. En in fersekeringskantoar yn Surhústerfean kin nije minsken brûke.

Sybe Satellyt 0402

Sybe Satellyt 0402

12 Oktober 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei berneboekeskriuwster Diet Huber oer it berneboekegeskink, mei deputearre Sicko Heldoorn oer reklame yn it lânskip en Theo Wiersma hat in moai portret fan Sjef makke. Sake Roodbergen fertelt oer barchjeblommen.