Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_NYNKE_HICHTUM_NL_250301_WR

Skriuwerslibben: Nynke fan Hichtum

25 Maart 2001

Portret fan Nynke fan Hichtum, pseudonym fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer, berneboekeskriuwster en oant de skieding frou fan Piter Jelles Troelstra. Der is noch altyd in soad belangstelling foar har, der is in roman en biografy ferskynd, in tentoanstelling en in film. Filmmakker Pieter Verhoeff, biograaf Aukje Holtrop en FLMD-direkteur en skriuwster Tineke Steenmeijer-Wielenga beljochtsje libben en wurk fan de frou dy't libbe fan 1860 oant 1939.

Fan fan: Ids Postma

Fan fan: Ids Postma

20 July 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Ids Postma it himd fan it liif frege troch de suskes Hennie en Jetty de Vries. Se moetsje de reedrider op syn pleats yn Dearsum.

Sadwaande: jild

Sadwaande: jild

15 Oktober 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: alles dat te krijen hat mei jild.