Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LESTELUDEN_2_WR

De lêste lûden fan in taal: de Ingermanlanners (diel 2)

25 Novimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit twadde diel giet it oer de Ingermanlanners, ynwenners fan in streek yn Ruslân dêr't minsken Finsk praten foardat dat yn 1937 ferbean waard en de ynwenners nei Sibearië ferballe waarden. We sjogge op in feest om de langste dei te fieren dêr't de âldere minsken oer eartiids fertelle. En professor Victor Denissov, fan de universiteit yn Sint Petersburg yn Ruslân, fertelt oer de skiednis fan dit folk wêrfan't de taal mei útstjerren bedrige wurdt.

Profyl: Piet Paulusma

Profyl: Piet Paulusma

08 Novimber 2004

Waarman Piet Paulusma krijt regisseur Steven de Jong op besite. Se ha it oer ferskate saken, lykas fansels it waar, it bekende "oant moarn" en it feit dat er by SBS it Frysk wêzen útdrage wol.

Sybe Satellyt 0507

Sybe Satellyt 0507

21 Maart 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering giet Sybe nei it natuergebiet De Deelen foar ljipaaien te sykjen ek sjocht er op de Ljouwerter feemerk. Dêrneist praat er mei de bern oer reklame.