De lêste lûden fan in taal: it âldste lûd (diel 1)

18 Novimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit earste diel sjogge we Tjeerd de Graaf (fonetikus oan de Rijksuniversiteit Groningen) yn Sint Petersburg yn Ruslân. Yn it Poesjkin-hûs (museum foar literatuer) wurde tal fan waaks-silinders bewarre mei opnamen út begjin 1900. Fan alle 6.000 talen op de wrâld ferdwynt alle 2, 3 wiken in taal om't der gjin sprekkers mear binne. De RUG wurket gear mei de universiteit yn Sint Petersburg. We hearre ferskate bedrige talen (en kultueren) wêrûnder it Nenetsk. De sprekkers dogge alle war om har kultuer te bewarjen en oer te dragen op de jeugd.