Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_30_MINUTEN_LANBOU

30 Minuten lânbou: petear tusken Pé Miedema en Durk van der Schaaf

10 Oktober 1994

Yn dit programma prate Pé Miedema en Durk van der Schaaf oer de takomst fan de lânbou, prizen en meganisaasje. Miedema is boerebestjoerder, foarsitter fan CBTB Fryslân, lanlik foarsitter fan melkfeehâlderij en aktyf by it CDA. Van der Schaaf is bio-bouboer, foarsitter fan ekologyske lânbou, aktyf by Sûne Grûn en de FNP.

Tûkelteammen 0203

Tûkelteammen 0203

14 Oktober 2003

De tredde ôflevering fan it twadde seizoen Tûkelteammen. Dizze kear striidt team 1 mei teaterfrou Leny Dijkstra en Michiel de Wolff tsjin team 2: trûbadoer Doede Veeman en Piter Visser.

Skriuwers yn byld diel 8: Simke Kloosterman en Reinder Brolsma

Skriuwers yn byld diel 8: Simke Kloosterman en Reinder Brolsma

19 Maaie 1988

Yn de jierren tritich wienen Simke Kloosterman en Reinder Brolsma  dwaande mei harren karriêre as skriuwers op te bouwen. Yn de achtste útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' wurde de oerienkomsten en ferskillen fan dizze twa skriuwers ûndersocht.