Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0306

ABD-sjoo 0306

17 Febrewaris 2004

Yn de sechsde ôflevering fan it tredde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Johannes Looijengaskoalle út Surhuzum en de Wethouder A. Heidaskoalle út Munnikebuorren it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by toanielspiler Henk de Reus, strielingsdeskundige Frits Ottens en Sander. Hy hat gjin earms en hat in spesjale lisfyts. Te gast is Richard Mastenbroek mei in hagedis. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Wurktiid TV: Wolwêzenswurk

Wurktiid TV: Wolwêzenswurk

20 Maart 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wolwêzenswurk fan Stichting Profiel yn Snits. Se wurkje ûnder oare yn de berne-opfang en jongerewurk. We sjogge by opfang Petteflet en sintrum Het Bolwerk.

CAMPING_2_WR

In dei op de camping 2: Hindeloopen yn Hylpen

16 July 1997

Sfearympresje fan de camping Hindeloopen yn Hylpen, oan de Iselmar, en de tydlike gasten. De camping lûkt in soad wettersporters dy't komme om te surfen mar ek om te fiskjen. Der binne in soad Dútske fakânsjegongers en it gers moat fansels ek meand wurde.