Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Klaas Jansma

Van Tuinen Thús by Klaas Jansma

08 July 2003

Thús by Klaas Jansma yn Garyp, ferslachjouwer Skûtsjesilen by Omrop Fryslân en eigen boekerubryk yn Omnium.

Sybe Satellyt 0105

Sybe Satellyt 0105

05 Maart 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht yn Britsum by De Foarikker dêr't in learling in wynmûne útfûn hat. Fierder sjocht Sybe by wynmûnen en fertelt er oer wynenerzjy. Hy sjocht ek yn in fabryk dêr't se wynturbines meitsje.

LTV_SAMLERSBLOED_FR_040301_WR

Samlersbloed

04 Maart 2001

Portret fan twa keunstsamlers: Cor van der Ploeg en Daisy Posthuma. Se litte sjen wat se oan keunst kocht hawwe yn de rin fan de jierren en wat dy passy foar har betsjut. Ek sjogge we dat se op besite gean by de keunstner yn syn atelier. Van de Ploeg by Klaas Koopmans en Posthuma by Gjalt Walstra. We sjogge ek op in feiling dêr't keunst wurdt ferkocht.