Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BOER_KEARPUNT_BOUBOER_2_WEROMROP

Boer op in kearpunt: de bouboer

13 Oktober 1991

Yn twa dielen sjogge we by boeren dy't op in kearpunt steane. Yn dizze ôflevering stiet de bouboer sintraal. We sjogge by de famylje Siderius oan de Nije Biltdyk. Neist de jirpels en sipels kweke se no ek roazeplanten. Boubouren ha it dreech troch de legere prizen en de EEG-polityk. De ûnrêst soarge sels foar protesten dat boeren mei trekkers op it Binnenhof yn Den Haag stienen. Earder die heit alles mei de hân mar troch de meganisaasje kin de soan no alles allinne mei de masine dwaan. Hy sjocht ek by de Proefboerderij Kollumerwaard dêr't se nije rassen kweke.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

15 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wurk. Hoe komst oan in baan en watfoar oplieding hast dêr foar nedich? Jildou de Vries praat deroer en se sjocht ek by it wurk oan de âlde pleats yn Aldlemmer dêr't in tal VMBO-learlingen de boel opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Ek sjogge we wer by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille, dêr't wurknimmers oer it wurk fertelle dat se dogge en dat se soms ek op 'e nij nei skoalle moasten om by te learen.

Fryslân Dwerstroch 0204: Lâns de feart

Fryslân Dwerstroch 0204: Lâns de feart

03 Maart 1998

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel fjouwer fan de twadde searje rint se lâns de feart en sjocht se wat se ûnderweis oan bisten tsjinkomt. Se fertelt oer de earrebarre en sjocht by it Eibertsnêst yn Earnewâld, se sjocht by reidsnijers en krijt yn Wergea it ferhaal fan Ake's Tiental te hearren. We sjogge by de Alde Feanen en yn Grou by in seilmakker.