Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Requiem foar Romein

Wyn op Woansdei: Requiem foar Romein

09 Maart 2005

Programmamakker Annet Huisman folget Theater Romein yn Ljouwert dat hast ticht moat. De Westertsjerke biedt plak oan in ferskaat oan kulturele uteringen lykas dûns, literatuer, muzyk, keunst, debat, teätersport en eksposysjes. De polityk hat besletten dat Romein slute moat, mar de besikers, meiwurkers en artysten binne it der net mei iens. We sjogge by it stêfoerlis, it konsert fan Conjunto Ibérico en teätersport.

It Wetter Op 13: Dokkum

It Wetter Op 13: Dokkum

30 Augustus 1999

Ferslachjouwer Simone Scheffer en kamerafrou Yvonne Douma farre mei in trekskûte dy't tsjinst docht as rûnfeartboat troch Dokkum. Skipper Germ Keizer fertelt oer de skiednis fan it skip en gids Max Posthuma fertelt de gasten oan board oer de skiednis fan Dokkum. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Sybe Satellyt 0406

Sybe Satellyt 0406

15 Febrewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sa sjocht Sybe by it wurk dat se dogge yn de Brandaris op Skylge. Henk Wortel jout útlis. Ek sjocht er by bioboer Thom de Groot yn Goattum by Grou. Hy wegeret syn kij earmerken yn te dwaan. De blusboat fan Grou moat Sybe fan de Pikmar rêde. En hy sjocht by de útfining op de Skoalfinne dêr't de bern in yntelliginsjetest betocht ha.