Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Fryske-Tiidmasines_WR

Fryske tiidmasines

11 Novimber 2007

Dokumintêre fan filmmakker Anton Stoelwinder fan De Gordyk oer de iuwenâlde tradysje fan klok- en horloazjemakkerij yn Fryslân. We hearre oer de skiednis fan de klok, earder wienen sânglêzen en sinnewizers de tiidmjitters. Op De Jouwer ûntstie in yndustry fan ambachtlike klokmakkers. We sjogge by in bedriuw dat mei de hân sturt- en stuoltsjeklokken makket. Ek oare faklju komme oan it wurd lykas Christiaan van der Klaauw en horloazjemakker Wybe van der Gang fan Dokkum. We sjogge ek op de fakskoalle yn Schoonhoven en by in jonge klokmakker.

Wurktiid TV: Thalassa

Wurktiid TV: Thalassa

26 April 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we op it grutte sylskip Thalassa yn de haven fan Harns. Kocht as kasko en no omboud ta lúkse skip mei plak foar 36 gasten foar tochten op see. Skippers A. Hylkema en H. Stallinga en bemanningslid A. Brouwers fertelle oer it skip en K. Kapitein fan de ynspeksje fertelt oer syn wurk.

LINKK 15: Oer de grins

LINKK 15: Oer de grins

19 April 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer grinzen. It 'each' fan Wier hâldt mei in radar fleantugen yn it loftrom yn de gaten, fierder fertelt in skoalplysje oer syn wurk op skoallen en sjogge we by de tarieding fan soldaten dy't oer de grins útstjoerd wurde nei Bosnië.