Skriuwers yn byld: De debutanten

Skriuwers yn byld: De debutanten

01 July 1990

Trije jonge Fryske skriuwers komme oan it wurd: Jetske Bilker debutearret mei Imitaasjelear, Margryt Poortstra hat it skriuwen nei 15 jier wer oppakt en Tjitze de Jong is dwaande mei syn boek 32 doarren dat noch ferskine moat. Min oftemear tafallich wenje de skriuwers allegear bûten Fryslân.

Skriuwers yn byld: Willem Abma

Skriuwers yn byld: Willem Abma

24 Juny 1990

Ynterview mei Willem Abma (1942). Hy studearre teology, wie learaar en terapeut. Hy skreau in soad fersen, earst ûnder it pseudonym fan Daniël Daen, en ek tal fan romans.

Skriuwers yn byld: Hylkje Goïnga

Skriuwers yn byld: Hylkje Goïnga

17 Juny 1990

Hylkje Goïnga (1930- 2001) is benammen bekend wurden mei har koarte ferhalen dy't hiel populêr wienen. Se skreau benammen oer de man-frou relaasje. Se hat jierren yn de redaksje fan De Strikel sitten. Se fertelt oan Geart de Vries it ien en oar en we sjogge har by in optreden dêr't se by foarlêst.

Skriuwers yn byld: Jan Wybenga

Skriuwers yn byld: Jan Wybenga

10 Juny 1990

Jan Wybenga (1917- 1994) wie ûnderwizer en letter learaar Nederlânsk. Hy wûn twa kear de Gysbert Japicxpriis, yn 1965 en 1977. Mei syn moderne gedichten skokte er de lêzers. Hy koe ek goed tekenje. Hy siet yn redaksjes fan literêre blêden en skreau resinsjes.

Skriuwers yn byld: Durk van der Ploeg

Skriuwers yn byld: Durk van der Ploeg

03 Juny 1990

Ynterview fan Geart de Vries mei skriuwer Durk van der Ploeg (1930). Hy wie opmaakredakteur en skreau tal fan Fryske romans, dichtbondels en novellen. Syn ynspiraasje hellet er út syn jeugd yn de Dongeradelen, hy groeide op yn Ealsum. Benammen nei syn pensjoen waard er hiel produktyf. Ek sjogge we by in gearkomste fan it Skriuwersboun.

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

Skriuwers yn byld: Anne Wadman

25 Maaie 1989

Ynterview fan Geart de Vries mei Anne Wadman (1919-1997), ien fan de produktyfste skriuwers fan Fryslân. Hy wûn twa kear de belangrykste literêre priis, de Gysbert Japicx, yn 1952 en 1989. Neist poëzij en romans skreau er ek toaniel en krityske essees. Hy soarge foar emansipaasje fan de Fryske literatuer. Syn roman De Smearlappen út 1963 joech in soad opskuor fanwege it frijmoedich praten oer seks. Wadman wie ek ûnderwizer, redakteur by literêre blêden en resinsint en hy koe goed fioel spylje.

Skriuwers yn byld: Fedde Schurer

Skriuwers yn byld: Fedde Schurer

18 Maaie 1989

Programma oer de Fryske dichter, sjoernalist, ûnderwizer en politikus Fedde Schurer (1898-1968). Ek wie er kristlik fredesaktivist en foaroanman fan de Fryske kultuer. Douwe Tamminga, Freark Dam en Bonne Dijkstra fertelle oer it libben en wurk fan Schurer. Mei fragminten fan de Gysbert Japicxpriisútrikking yn 1949 mei in taspraak fan Obe Postma, bylden fan Drachten en De Lemmer dêr't Schurer wenne en oer it toanielstik Simson dat er skreau. Ek bylden fan de saak Kneppelfreed.

Skriuwers yn byld: Rink van der Velde

Skriuwers yn byld: Rink van der Velde

21 Maaie 1987

Ynterview mei de Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001). De populêre skriuwer fertelt op it wetter by De Feanhoop oer syn ynspiraasje dy't er út de natuer en de minsken hellet. Hy fisket en jaget sels ek. Hy wurke as sjoernalist by de Leeuwarder Courant.

Skriuwers yn byld: Douwe Tamminga

Skriuwers yn byld: Douwe Tamminga

14 Maaie 1987

Ynterview mei de Fryske skriuwer, dichter en oersetter Douwe Tamminga (1909-2002). We sjogge by syn eardere hûs yn Kiestersyl dêr't er as 12-jierrige kaam te wenjen. Yn syn bungalow yn Ysbrechtum fertelt er oer syn libben en wurk. Hy learde foar ûnderwizer en wie learaar Frysk en Nederlânsk, mar waard letter wurdboekskriuwer by de Fryske Akademy, hy wurke tolve jier oan de letter B. Hy skreau ek in soad oer de Fryske taal.

Skriuwers yn byld: R.R van der Leest

Skriuwers yn byld: R.R van der Leest

15 Juny 1989

Geart de Vries rint mei skriuwer Reinder Rienk van der Leest (1933) troch it sintrum fan Ljouwert en ynterviewt him oer syn wurk. Ek fertelt Van der Leest wat it skilderjen foar him betsjut. Hy makke syn Frysktalige debút yn de sechtiger jierren en yn syn wurk boartet er in soad mei taal.

Skriuwers yn byld: Trinus Riemersma

Skriuwers yn byld: Trinus Riemersma

08 Juny 1989

Ynterview mei de Fryske skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) by him thús yn Frjentsjer, troch Geart de Vries.Mei argyfbylden út de film dy't Pieter Verhoeff foar de IKON makke oer de opskuor om de romans Fabryk (1964) en Minskrotten, Rotminsken (1966) hinne. Trinus Riemersma begûn as ûnderwizer en nei de stúdzje Frysk waard er dosint Frysk en skreau er in proefskrift. Hy is berne yn Ferwert.

Skriuwers yn byld: Tiny Mulder

Skriuwers yn byld: Tiny Mulder

01 Juny 1989

Ynterview mei de Fryske skriuwster en dichteres Tiny Mulder (1921 - 2010) by har thús yn Jellum, troch Geart de Vries. Se skreau foar bern, makke ferhalen en skreau ien roman, Tin iis. Ek wie se resinsint by Omrop Fryslân en it Friesch Dagblad dêr't se as sjoernalist wurke.

Pages