De grifformearde frijmakking yn 1946 spjalte it doarp Oerterp yn twa groepen: de grifformeard synodalen en de grifformeard frijmakken. It joech striid en de skuor is noch altyd fielber, op skoalle, yn tsjerke en by it korps. Inkeld op it begraafplak lizze beide leauwigen trochinoar hinne. Ynwenners fertelle oer de kwestje.
Portret fan Gerrit Aalfs (1892-1970) dy't Fryslân op tal fan films fêstlei. Syn film oer de Suderseewurken, it oanlizzen fan de Ofslútdyk wie hiel suksesfol. Berne yn it Drintske Vries wenne en wurke Aalfs jierren út Harns wei. Op syn motor troch de provinsje lei er it boerelibben en de natuer fêst. Hy joech ek filmfoarstellingen en makke mei oaren de earste Fryske spylfilm 'Kar út twa' yn 1937. Ek filme er de besite fan keninginne Juliana oan Fryslân yn 1950 en de iepening fan it Ljouwerter fleanfjild. Op syn 59ste hâlde er op mei filmjen en gie mei syn Fryske frou werom nei Drinte.
Portret fan twa keunstsamlers: Cor van der Ploeg en Daisy Posthuma. Se litte sjen wat se oan keunst kocht hawwe yn de rin fan de jierren en wat dy passy foar har betsjut. Ek sjogge we dat se op besite gean by de keunstner yn syn atelier. Van de Ploeg by Klaas Koopmans en Posthuma by Gjalt Walstra. We sjogge ek op in feiling dêr't keunst wurdt ferkocht.
In weromblik út 2001 op de komst fan Molukkers nei Fryslân, doe fyftich jier lyn. Flak by Easterwâlde leine twa fan de fjouwer Fryske kampen der't de Molukkers opfongen waarden. Yn de sechtiger jierren waarden de kampen ôfbrutsen.
Portret fan fjouwer froulju. Alie Veldman wie 38 jier ûnderwizeres, Hinke Dijkstra wie ynpakster op it bûterfabryk, Grietsje Kroese-de Jong wie ferpleechster en Gien Geestman wie juf op in bernedeiferbliuw. Se fertelle oer har wurk, oplieding en ûnderfiningen en sjogge wat der allegear feroare is.
Piter Boersma is berne yn 1947 yn Warten yn in roomske húshâlding. Hy fertelt oer syn libben en wurk, tematyk en feroaringen yn syn skriuwen. We sjogge mei him yn Warten en yn syn hûs yn Wiuwert lêst er foar út eigen wurk. Yn 1972 rjochte er literêr tydskrift Hjir op dêr't er noch altyd redakteur fan is. Yn 1998 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn boek 'It libben sels'.
Yn 1988 ferdwûn de otter yn Fryslân en mei in yntinsyf werstelplan wurdt besocht it bist werom te krijen. Belutsen partijen lykas It Fryske Gea fertelle oer wat der allegear oan foarôfgien is, om it leefgebiet foar de otter better te meitsjen. Yn de Alde Feanen is lân ûnder wetter set en der binne passaazjes oanlein by de dyk. De otters krije in stjoerder mei sa't se folge wurde kinne. Yn otterpark Aqualutra sjogge we by de otters.
It koartebaanriden wie foar de oarloch populêr yn Fryslân. Al yn de 18de iuw skreaunen kastlein wedstriden út - foar de manlju 160 meter en 140 foar de froulju - en rieden de winners om prizen. De reedrydwedstriden lutsen grutte kloften publyk. Ald-kampioenen, lykas Atje Keulen-Deelstra, komme oan it wurd en saakkundige Hedman Bijlsma fertelt oer de skiednis. Neist prizen is der ek in soad argyfbyld te sjen. Ek Thialf op It Hearrenfean hat in baan foar de koartebaanwedstriden.
Yn en om Ljouwert rint it ferkear geregeld fêst. Tal fan saakkundigen bûge har oer it probleem en we sjogge yn de praktyk wêr't ferkearsdielnimmers, lykas taksy- en bussjauffeurs tsjinoan rinne. De files kostje it bedriuwslibben in soad jild. In heak om Ljouwert soe de problemen oplosse sadat ferkear net mear troch de stêd hoecht. It iepenbier ferfier komt oan de oarder en we folgje Ypke Gietema yn syn syktocht om by it provinsjehûs te kommen.
Fjouwer Fryske skriuwers binne dwaande op it nije medium ynternet.Cornelis van der Wal, Albertina Soepboer, Eeltsje Hettinga en Joop Boomsma fertelle oer har eigen side op ynternet en wat de foardielen derfan binne. Se kinne sels wurk pleatse, it is in reklameboerd. Hettinga makket sels in ynternettydskrift Kistwurk. Skriuwer Trinus Riemersma hat ek in eigen side makke, mar hat fierder net folle aardichheid oan it ynternet en freget him ôf oft it de Fryske literatuer fierder helpe sil.
'Tenminste houdbaar tot' is de namme fan in teäterfoarstelling mei Leny Dijkstra en Lianne Zandstra, skreaun troch Leo Dijkstra. We sjogge Leny en Lianne by de repetysje en tariedingen foar it stik en ek fragminten út de foarstelling. En beide fertelle se oer it stik en teäter. Ek Leo Dijkstra komt oan it wurd.
'Tenminste houdbaar tot' is de namme fan in teäterfoarstelling mei Leny Dijkstra en Lianne Zandstra, skreaun troch Leo Dijkstra. We sjogge Leny en Lianne by de repetysje en tariedingen foar it stik en ek fragminten út de foarstelling. En beide fertelle se oer it stik en teäter. Ek Leo Dijkstra en regisseur Janneke Bergsma komme oan it wurd. Leny is de dochter fan Tetman de Vries, dêr is wat argyf fan te sjen.