LTV_THUS_EN_UNWENNICH_031099_WR

Thús en ûnwennich!?

03 Oktober 1999

Yn dit programma folgje we trije Friezen dy't allegear tsien jier lyn nei Amearika emigrearren. Advokaat Bart Stapert helpt yn Orleans de befolking mei rjochtsbystân en striidt foar de ôfskaffing fan de deastraf. Gosse Damstra wennet mei syn famylje yn de buert fan Dallas, hy hat in melkfeebedriuw, Damstra Dairy. En Welmoed Laanstra wennet yn New York. Earder wie se huoddemakker en wurke se by it moadehûs DKNY, no sit se yn de keunsthannel. We sjogge hoe't harren libben derútsjocht en se fertelle wat Fryslân en it Fries wêzen foar harren betsjut.

LTV_IBR_260999_WR

It IBR -kowegryp- faksin

26 Septimber 1999

Tal fan kij moasten romme wurde om't se besmet wienen mei de kowegryp. Yn de striid tsjin dat firus waard in faksin ûntwikkele, mar dat feroarsake wer oare problemen by de kij. Ferskate partijen komme yn dit programma oan it wurd: boeren, ûndersikers en dokters. Se fertelle har kant fan it ferhaal.

LTV_VERBELINGE_050999_WR_2

'In Verbelinge'; keunst yn de Stellingwerven

05 Septimber 1999

Foar de manifestaasje ‘In Verbelinge, keunst op basis fan ferhalen yn it Stellingwerfsk’ binne acht keunstners útnûge om wat te betinken, ynspirearre op de streek, kenmerken en ferhalen. We folgje in pear keunstners: Groenewoud/Buij meitsje in grutte reade teddybear, Atte Jongstra makket by de slûs yn Nijeberkeap in byld yn stien mei in Fryske en Stellingwerver tekst, de Amerikaan Allen Ruppersberg makket in byld foar de frijwilliger en de Ingelske Georgina Starr wol in liet meitsje. We folgje de keunstners yn har syktocht en sjogge by it proses fan meitsjen.

LTV_APART_BONNEMA_GOEDE_FERZY_WR

Apart, Bonnema

27 Juny 1999

Arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp (1926-2001) hat yn 1999 sawat 500 bouprojekten op syn namme stean. Syn grutste gebou, de Delftse Poort yn Rotterdam, is 150 meter heech en op dat stuit noch it heechste gebou fan Nederlân. Syn lytste bouwurk, in simmerhúske op Flylan, is 85 kante meter. De Achmeatoer, de heechste toer fan Ljouwert, is ek fan syn hân. Yn 1999 waard útein set mei de bou. Yn dit portret fertelt Abe Bonnema by de gebouwen dy't hy ûntwurpen hat oer bouwe op de minsklike maat en wat er fan syn heit learde by it ûntwerpen. Ek sjogge we syn wenhûs yn Hurdegaryp.

LTV_FISKJE_YN_TROEBEL_WETTER_20050522_WR

Fiskje yn troebel wetter

22 Maaie 2005

Dokumintêre oer it tebekrinnen fan de fiskstân fan iel en snoekbears. Yn 2005 wiene der yn Fryslân noch 20 binnenfiskers dy't op iel fisken. Fan de 90.000 sportfiskers fisken 4000 op snoekbears. De snoekbears- en ielstân is dêrtroch sterk achterút rûn. Streuperij wurdt as wichtichste oarsaak sjoen.

LTV_SAMEN_OP_WEG_2_180499_WR

Samen op weg (2): De poarte en de wei

18 April 1999

Programma yn twa dielen oer it proses fan Samen op weg: de grifformearde en herfoarme gemeenten komme by inoar. We sjogge yn Dokkum dêr't it proses spilet en yn Wûns dêr't fjouwer jonge minsken belidenis dwaan sille. En yn Koudum is it proses fan mei-inoargean al in tal jierren oan de gong, wat binne sy tsjinkaam yn dat proses?

LTV_SAMEN_OP_WEG_1_110499_WR

Samen op weg (1): Fan de oare kant

11 April 1999

Programma yn twa dielen oer it proses fan Samen op weg: de grifformearde en herfoarme gemeenten komme by inoar. We sjogge by de lêste tsjinst fan de grifformearde tsjerke yn Easterbierrum en by de frouljusferiening. Ek sjogge we yn Minnertsgea dêr't de herfoarmen en grifformearden mei-inoar fierder sille. In proses dat net altyd like maklik giet.

LTV_DOMELA_040499_WR

De geast fan Domela

04 April 1999

It programma sketst wa't Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) wie, hoe't er fan dûmny sosjalist waard en letter anargist. Yn it súdeasten fan Fryslân hie er ûnder de earme befolking in grutte oanhing. We hearre oer Domela syn libben en ideeën, syn soan fertelt (op argyfbyld) dat syn heit der noait wie of oan it wurk wie. Oanhingers fan de earste oere komme oan it wurd, it portret fan Us Ferlosser hinget noch altyd yn de keamer, lykas yn de kroech yn Nij Beets.

LTV_GEK_MEI_BISTEN_210399_WR

Gek mei bisten

21 Maart 1999

We sjogge by ferskate biste-opfangsintra: yn Sânhuzen is in rêsthûs foar kij, yn Nes in katte-opfang, yn Nijeberkeap in rôfdiere-opfang en yn Anjum in fûgelopfang. De respektyflike eigeners Bert Hollander, Kitty Schuurman, Arno van der Valk en Gaatske Visser fertelle oer har idealen en de leafde foar de bisten. Se moatte der in soad foar litte en foar jild binne se faak ôfhinklik fan stipers en fûnsen.

LTV_TOLVESTIMMICH_140399_WR

Tolvestimmich

14 Maart 1999

We sjogge by trije ferskillende koaren: it Hartkoor mei pubers (yn Ljouwert) ûnder lieding fan Jildou Talman, it mannekoar Sânman en Sikke (yn Warkum) ûnder lieding fan Siebren Kramer en it Van Harens Ensemble (yn Sint-Anne) ûnder lieding fan Hennie Venema. Se ha elk in eigen repertoire mar sille ien kear mei-inoar optrede.

Bylden_ut_de_takomst_Hein_Mader

Hein Mader: bylden út de takomst

14 Febrewaris 1999

Byldzjend keunstner Hein Mader makket grutte metershege abstrakte wurken fan stiel of stien. De yn Eastenryk berne Mader fertelt oer syn wurk, ideeën en lit sjen hoe't er te wurk giet. Yn in technyske skoalle op It Hearrenfean en yn Gralda State yn Menaam is ek wurk fan him. Learlingen en bewenners binne oer it 'aaibere' wurk te sprekken.

LTV_BYLDMAKKERS_170199_WR

Byldmakkers

17 Jannewaris 1999

We folgje trije ûntwerpers: Johan de Boer is meubelmakker. Hy is frege in stamtafel te ûntwerpen foar hegeskoalle NHL. Ella Wiersma en Cynthia Kooi binne moade-ûntwerpers. As Cyell meitsje se badpakken en bikinys. Gert-Jan Slagter is grafysk foarmjouwer. Hy makket ûnder oare affysjes. Se fertelle allegear oer har wurk, har passy.

Pages