We sjogge by de tarieding fan dûnsgroep Duende fan Grietine Molenbuur dy't in koreografy betocht hat op in skip dêr't de groep mei troch Fryslân fart en de dûns opfiert. Se fertelt deroer en we sjogge by de repetysjes en de ombou fan it skip nei poadium.
We sjogge by de tarieding fan it teäterspektakel 'Abe', fan Tryater oer fuotballeginde Abe Lenstra. It stik rekonstruearret de wedstriid út 1950 fan Hearrenfean-Ajax dy't de Friezen nei 1-5 achterstân úteinlik wûnen mei 6-5. En we sjogge Abe (spile troch ferskillende akteurs) op ferskillende leeftiden. Skriuwer, regisseur en spilers en fuotballers komme oan it wurd en we sjogge by de technyk, want it wurdt spile yn it Abe Lenstrastadion.
U.l.f. Geart de Vries prate trije minsken oer it grut tal oan it wetter boude rekreaasjewenten en bungalowparken yn Fryslân, lykas yn Earnewâld, Galamadammen en Eastmahorn. It binne Ypke Gietema, arsjitekt Sjoerd Ybema en bouwer Marcel Coltof.
Yn in skipswerf yn Snits prate trije minsken û.l.f. Geart de Vries oer arsjitektuer yn Fryslân, oer bedriuwsterreinen en kantoaren. It binne boargemaster Siebold Hartkamp, arsjitekt Rein Hofstra en bouwer Harmen Schroor.
Fan âldsher kamen de anargisten mei de pinksterdagen yn Appelskea by inoar. Yn 1933 wienen dat de Vrije Socialisten dy't anty-militaristysk wienen en gjin alkohol brûkten. No komme tal fan minsken noch nei de Pinksterlanddagen, se binne begien mei natuer en miljeu en noch altyd links yn tinken. Besikers fan no en earder fertelle deroer.
Yn dit programma sjogge we earst by de repetysjes fan de opera Esmée dy't yn premjêre giet yn Carré op it Holland Festival. Jan Brokken skreau de tekst oer it libben fan de fersetsfrou dy't yn 1944 fusillearre waard. Ferskillende meiwurkers komme oan it wurd. Dêrnei folget in portret fan Akke Radsma dy't bekend waard mei har praatsjes 'Oer de hage' dy't wykliks op de Fryske radio te hearren wienen. De teksten waarden skreaun troch Paulus Akkerman. Se treedt noch altyd op mei in oade oan it eardere Winterjûnenocht.
Diskusjeprogramma yn De Gekroonde Roskam yn Arum û.l.f. Gryt van Duinen oer wynenerzjy. Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd oer dit alternatyf foar fossile brânstof. Yn de seal sitte boeren, omwenners, en minsken út de polityk.
Portret fan keunstner Harmen Abma. Hy begûn as hûsskilder mar folge letter de Vredeman de Vries-oplieding. Hy makke diel út fan de groep De Bende van de Blauwe Hand. Syn wurk is abstrakt, ynte op it lânskip, mei geometryske foarmen. Hy makke it earste abstrakte byld yn Fryslân, it stiet yn Weidum. Hy fertelt oer syn wurk en de ûntwikkeling dêryn.
Portret - mei soad argyfbyld - fan de seesleepboat Holland fan Skylge. Trije âld-meiwurkers fertelle oer har wurk en wat se meimakke ha op see. De Holland waard yn 1941 boud, mar yn 1943 torpedearre. It is letter wer boud en kaam by tal fan kalamiteiten yn aksje. Oer dy aventoeren binne films makke en boeken skreaun. Oarspronklik begûn rederij Doeksen mei it skip as skulpesûger en letter die it tsjinst as bergingsskip. Doe't dat net mear út koe, lei Rederij Doeksen him ta op feartsjinsten nei de eilannen en de Holland gie oer nei Rykswettersteat. No driget de sloop.
We sjogge achter de skermen by it wurk fan kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans, deputearre Mony Brandsma-Ydema (CDA) en boade Pé Visser. Se fertelle oer har wurk en we sjogge ûnder oare by gearkomsten fan de Steaten yn it provinsjehûs.
Petear tusken (ôfgeand) deputearre Frans Steijvers (PvdA) en steatelid (GrienLinks) en skriuwer Willem Verf oer de Fryske ekonomy. Se prate ûnder oare oer yndustryterreinen, kapitalistyske ekonomy en wurkgelegenheid.