Opera oer Esmée van Eeghen en portret fan Akke Radsma

21 Maaie 1995

Yn dit programma sjogge we earst by de repetysjes fan de opera Esmée dy't yn premjêre giet yn Carré op it Holland Festival. Jan Brokken skreau de tekst oer it libben fan de fersetsfrou dy't yn 1944 fusillearre waard. Ferskillende meiwurkers komme oan it wurd. Dêrnei folget in portret fan Akke Radsma dy't bekend waard mei har praatsjes 'Oer de hage' dy't wykliks op de Fryske radio te hearren wienen. De teksten waarden skreaun troch Paulus Akkerman. Se treedt noch altyd op mei in oade oan it eardere Winterjûnenocht. Tusken beide dokumintêres yn is in liet te hearren fan Douwe Heeringa fan syn album Retoer Ljouwert-Berlyn.