Baas Boppe Baas 0401: Libbenslot

01 Jannewaris 2004

Beant leit yn it sikehûs en krijt in hertoanfal. De dokter seit dat hy syn libben feroarje moat. Gjin sjekjes en Beerenburg mear. Oft him dat slagget, is noch mar de fraach. Dêrneist bart der wat dramatysks, wêrtroch't de hiele famylje Baas rekke wurdt. Sille se der wer boppe-op komme?