Fryslân yn de lêste oarloch 4: Twangarbeid yn Dútslân

29 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn it lêste diel folgje we Marten Winters fan It Hearrenfean wylst er troch Dútslân reizget. Yn 1942 kaam er yn Dútslân te wurkjen, hieltyd mear minsken moasten dêr oan it wurk, ek ûnder twang. De arbeidsburo's wurken dêroan mei en spegelen it moai foar mei kleurige affysjes. Winters hat op fiif plakken wurke, en sliepte yn barakken yn kampen. Minsken dy't wurk wegeren of flechten, moasten nei strafkampen. Johannes de Vries en Bertus Lubbering ha dat meimakke en helje oantinkens op. De petearen wurde ôfwiksele troch argyfbylden.