It Doarp: Surch

10 Juny 1999

Portret fan it doarp Surch en syn ynwenners. Surch is it lêste doarp foar de Ofslútdyk en wurdt altyd neamd mei Zürich yn Switserlân. Der is gjin skoalle mear mar wol al hiel lang hotel De Steenen Man. Aktrise Astrid Reitsma en Reboeljelid Tjerk Bootsma binne de eigeners, se kochten it fan Hans Waterlander dy't ferhalen fan eartiid fertelt. Der is ek in bedriuw yn seewjirms. Foar bern is der net folle te dwaan, gasten komme der om te seefiskjen. Der binne plannen foar de bou fan in multyfunksjoneel sintrum.