Sadwaande: Treinen

27 Febrewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer treinen. We sjogge yn it spoarmuseum yn Snits, by treinkaartsjesamler Willem Boorsma op souder dêr't er 40.000 ferskillende treinkaartsjes hat. Peter Haack en Hajo Groenman makken yn de santiger jierren in reis mei de Transsiberië Expres en kinne der noch smaaklik oer fertelle. En we leare oer modeltreinen. Floris makket reklame foar it reizgjen mei de trein.