Wyn op Woansdei: Megapark

31 Maart 2004

Programmamakker Gerard van der Veer ûndersiket hoe't it Megapark, foar grutte ynternasjonale bedriuwen, by It Hearrenfean mislearre is. Yn it 10-jierrich bestean fan dit yndustryterrein hat allinne it kompjûterassemblaazjebedriuw SCI him hjir fêstige, mar dat bedriuw is ek al ticht. Hy reizget troch it gebiet fan 80 bunder dêr't it no liket te spûkjen en praat mei de minsken dy't yn 1993 mei de plannen fan it Megapark konfrontearre waarden. Hy praat mei boer Bart Brouwer, âld-bewenner Piet van der Wal, Syb Braaksma, aksjefierder, fûgelwachter Evert de Leeuw en âld SCI-wurknimmer Cihan Ersoy.