Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De dei fan de Tocht der Tochten

De dei fan de Tocht der Tochten

04 Jannewaris 1997

Henk Angenent en Klasina Zeinstra binne de twa winners fan de Alvestêdetocht fan 1997. Troch Omrop Fryslân is der in gearfetting fan dizze spannende dei makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei: de start, it ferrin en de finish fan de tocht.

LTV-Italianen-yn-Fryslan_WR

Saluti della Frisia. Italianen yn Fryslân

19 Febrewaris 2006

Om ferskillende redenen en yn ferskillende tiden kamen Italianen nei Fryslân ta, om te wurkjen as tegelsetter, skoarstienreager, mar ek as iismakker en pizzabakker. Se fertelle oer har skiednis, de famylje, it wurk en de foaroardielen dêr't se mei te krijen hienen.

It Wetter Op 12: De Leyen

It Wetter Op 12: De Leyen

26 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede farre op de Leyen by Eastermar mei de motorboat fan K. Land. Underweis fertelt er oer wat se tsjinkomme yn de natuer. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.