Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSKOPSKOALLE_FR_090901_WR

In lange les: lêste kâns foar Frysk op skoalle?

09 Septimber 2001

It fak Frysk is al 20 jier ferplichte op de basisskoalle mar net op alle skoallen wurdt likefolle dien. We sjogge op in skoalle yn Boksum dy't ien fan de seis trijetalige skoallen is. Yn de leechste groepen is Frysk en Nederlânsk lykweardich en yn de heechste groepen komt der noch Ingelsk by. Tal fan ynstânsjes fertelle wat se dogge oan Frysk taalûnderwiis lykas de Fryske Akademy, de provinsje, Omrop Fryslân, de pabo, en dosinten, ynspekteur en deputearre komme ek oan it wurd. We sjogge watfoar taalmetoaden oft der binne.

LTV_Ien-jier-Epke_portret-turner-Epke-Zonderland_WR

Ien jier Epke

15 Juny 2008

We folgje de Lemster turner yn syn tarieding op de Spelen yn Peking. We sjogge him oan it trainen op It Hearrenfean en hy fertelt oer syn sportkarriêre (mei argyfbylden fan in jonge Epke). Ek syn heit, mem, broers en suster komme oan it wurd: it is in sportive famylje. En ûnderwilens studearret er ek nochris medisinen yn Grins.

LTV_SUNDER_MIS_SNITSER_KANTORIJ_230400_WR

Sûnder mis: Fryske fariant fan de roomske mis

23 April 2000

Dirigint Bob Pruiksma betocht it plan om foar de teksten fan de mis yn de roomske tsjerke Fryske teksten meitsje te litten. Ferskate dichters wurken deroan mei, wêrûnder Berber van der Geest dy't deroer fertelt. De Snitser Kantorij sjongt de lieten yn de Sint Martinustsjerke yn Snits.