In lange les: lêste kâns foar Frysk op skoalle?

09 Septimber 2001

It fak Frysk is al 20 jier ferplichte op de basisskoalle mar net op alle skoallen wurdt likefolle dien. We sjogge op in skoalle yn Boksum dy't ien fan de seis trijetalige skoallen is. Yn de leechste groepen is Frysk en Nederlânsk lykweardich en yn de heechste groepen komt der noch Ingelsk by. Tal fan ynstânsjes fertelle wat se dogge oan Frysk taalûnderwiis lykas de Fryske Akademy, de provinsje, Omrop Fryslân, de pabo, en dosinten, ynspekteur en deputearre komme ek oan it wurd. We sjogge watfoar taalmetoaden oft der binne. Yn Ljouwert dogge se minder oan Fryske les en ek guon pabo-studinten fine it lestich omdat it Frysk net har memmetaal is.