Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

PETEAR_ATSMA_WR

It Petear: Joop Atsma

17 Desimber 1996

Klaas Jansma yn petear mei foarsitter Joop Atsma fan de CDA-fraksje yn Provinsjale Steaten. Atsma is dan ek foarsitter by it hurdfytsbûn en sjoernalist by streekblêd De Feanster.

SPEGELS_IEPENLOFTSPECIAL_1_160605_WR

Spegels: Iepenloftspulspesjal 1

16 Juny 2005

Dizze ôflevering út 2005 fan it kultuerprogramma Spegels stiet yn it ramt fan de iepenloftspullen Hair fan Dronryp, Odyssee fan Easterwierrum, Eije Wiekstra fan De Harkema en Puntila fan Burgum.

Hjoed: Mosk fersteurt opbou Domino Day

Hjoed: Mosk fersteurt opbou Domino Day

14 Novimber 2005

In nachtmerje foar alle makkers fan Domino Day; it jierlikse megaspektakel mei de dominostientsjes yn it FEC yn Ljouwert. In mosk is de hal dit wykein ynflein en feroarsake in ravaazje. It fûgeltsje gie op ferskate plakken sitten en dertroch binne goed tsientûzen stientsjes fan ferskate projekten omfallen. De skea is grut.