Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Heartbreak Hotel op Skylge

Wurktiid TV: Heartbreak Hotel op Skylge

02 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de opbou fan strântinte Heartbreak Hotel op Skylge dat elke simmer wer boud wurde moat. It falt net altyd ta om goed personiel te finen. Bêste kollega is Arie Wiersma, hy wurket by in Jouster boubedriuw en sil mei de VUT. By parketsaak Stoelwinder yn Harns sykje se in wurknimmer.

180705_SADWAANDE_27_01_1999.mp4

Sadwaande: WVG

27 Jannewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer de WVG: de Wet Voorzieningen Gehandicapten. Dy wet bestiet fiif jier. We sjogge by de famylje Hofstra yn Easterwâlde. Sietse Hofstra hat in foarm fan reuma en dêrom is syn hûs oanpast. We sjogge by de helpmiddelen wat der allegear is, fan rolstoel oant treplift. En we binne by in intake fan Het Friese Land by ien dy't in oanfraach dien hat. Ingrid rydt mei yn de taksybus dy't WVG ferfier fersoarget.

LTV_DE_KRAAK_EN_DE_FILM

De kraak en de film

04 Maaie 2003

We sjogge mei belutsenen werom op de film 'De Overval 'út 1962 oer de ferneamde aksje fan it ferset dêr't 51 finzenen sûnder geweld by befrijd waarden út de Blokhúspoarte yn Ljouwert op 8 desimber 1944. Neist sênes út de film binne der ek bylden achter de skermen te sjen. Ald-fersetsstriders Goffe Hoogsteen en Jelle Visser komme oan it wurd, mar ek senarist Lou de Jong, regisseur Paul Rotha en akteurs Piet Römer en Kees Brusse. De film wie in grut sukses.