Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Generaasjes_1_Sjoerd_en_Paul_vd_Werf

Generaasjes 1: Sjoerd en Paul van der Werf

27 Juny 2022

Heit Sjoerd en soan Paul van der Werf fertelle beide oer har wurk, oerienkomsten en ferskillen. Sjoerd van der Werf is romtefeartsjoernalist, wurke by it Friesch Dagblad en skreau meardere boeken oer romtefeart. Paul is astronoom, as stjerrekundige hâldt er him dwaande mei molkweistelsels. Beide binne ek muzikaal.

Wurktiid TV: Slachter Jansen yn Snits

Wurktiid TV: Slachter Jansen yn Snits

12 Maart 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Jansen yn Snits, by dit bedriuw ferwurkje se fleis en slachtôffal ta fretten foar bisten. Sam Buitenreclame yn Drachten siket nije minsken en de bêste kollega is Attie Sikma, ûndernimster yn berneklean. Twa minsken dogge by it arbeidsburo yn Drachten in oprop foar wurk.

HJOED_250294_RepoBelslydjeienSurhusterfean

Belslydjeie yn Surhústerfean

25 Febrewaris 1994

Ympresje fan it belslydjeien op de iisbaan yn Surhústerfean. Hoewol't it teiwaar wie, stienen 21 sliden oan de start.