Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels_Iepenloftspulspecial_2

Spegels: Iepenloftspulspesjal 2

23 Juny 2005

It twadde diel fan it kultuerprogramma Spegels út 2005 oer iepenloftspullen mei Spul om neat fan Ysbrechtum, Lucky Manuelo fan Wergea, De wraak fan it wrâldwiif fan It Bildt en Hurd om hut fan Jobbegea.

180710_SADWAANDE_OER_BOARTERSGUOD_24_11_1999.mp4

Sadwaande: Boartersguod

24 Novimber 1999

Dizze Sadwaande giet oer boartersguod fan doe en no. We sjogge by it Van Haren Museum dêr't boartersguod fan eartiids is, en we sjogge wat de trends fan no binne, lykas de Furby. Ek kompjûterspultsjes binne populêr. By de famylje Kuiper yn Boalsert sjogge we hoe't se dêr mei omgeane. Ek sjogge we by de spultsjewinkel Spellekijn, dêr't Gerard Mulder sels in spul betocht hat dat ek echt op de merk útbrocht is. Prinses op learzens betinkt ek sels in spul.

SIMMER2000_SKETSJ_KOSTBAAS_110700_WR

Simmer 2000: Sketsj Kostbaas

11 July 2000

Simmer 2000 is in tiid fan wersjen mei famylje en âlde kunde. Rients Gratama en Klaasje Postma spylje in pear, dat it mar dreech hat mei de emigearre famylje dy't se oer de flier hawwe...