Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

VX-270627

PM-TV: Frysk Shanty Rekord

23 April 2002

PM TV mei "it Frysk Shanty Rekord". Goed 1400 sjongers fan 61 shantykoaren en nochris goed hûndert muzikanten: mei-inoar foarmen se op sneon 20 april 2002 yn Thialf it grutste shantykoar fan Nederlân. Se sjonge 'Fries om Utens' fan it Snitser shantykoar Rolling Home, de klassiker 'It's five 'o clock in the morning' en in nije Fryske shanty dy't spesjaal foar dit barren skreaun is troch Anne Oosterhaven.

Fytsalvestêdetocht 2004

Fytsalvestêdetocht 2004

31 Maaie 2004

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Ek by de edysje fan 2004 wie der wer in soad publyk oan de kant fan de dyk om de fytsers oan te moedigjen. Dit jier warskôge de organisaasje foar it tanommen tal ferkearsdrompels dêr't de fytsers goed om tinke moatte.

Spegels: Simmer 2003

Spegels: Simmer 2003

19 Juny 2003

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze útstjoering giet oer Ernst Langhout, Harmen Wind en in reportaazje oer fotograaf Han Singels.