Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0107: Lifestyle

Tritigers 0107: Lifestyle

17 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sande diel giet it oer lifestyle. Joost Hagen en Jan Vincent Zantinge fertelle wêrom't se in binnenhûsarsjitekt yn de earm nommen ha. Yn de reportaazje komt Henk Koops oan it wurd.

LTV_THEUNIS_PIERSMA_280304_WR2

Portret fan biolooch professor Theunis Piersma

28 Maart 2004

Theunis Piersma docht ûndersyk nei de mients (kanoet) dêr't it min mei giet. We folgje him yn syn wurk by it NIOZ op Teksel en by de studinten yn Haren. De befreone sjoernalist Koos van Zomeren folget Piersma al langer en skriuwt oer syn wurk. Piersma ûndersiket it gedrach fan de mientsen en wat se ite. De Waadsee is in belangryk foerazjeargebiet.

LTV_IN_FRYSKE_FILE_040201_WR

In Fryske file: ferkearsproblemen fan Ljouwert

04 Febrewaris 2001

Yn en om Ljouwert rint it ferkear geregeld fêst. Tal fan saakkundigen bûge har oer it probleem en we sjogge yn de praktyk wêr't ferkearsdielnimmers, lykas taksy- en bussjauffeurs tsjinoan rinne. De files kostje it bedriuwslibben in soad jild. In heak om Ljouwert soe de problemen oplosse sadat ferkear net mear troch de stêd hoecht. It iepenbier ferfier komt oan de oarder en we folgje Ypke Gietema yn syn syktocht om by it provinsjehûs te kommen.