Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S01E03: Sigerswâld

Geert! S01E03: Sigerswâld

01 April 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Sigerswâld. Hy praat mei Henk Veenstra oer it eigen kabelnet fan it doarp, mei fleantúchbouwer Oeds van der Velde en mei Fokko Huisman dy't paranormaal diereterapeut is. Ek sjocht Geert op it hiem fan Wouter Kensen. Hy kaam 24 jier lyn út Amsterdam en fielt him hielendal thús yn Sigerswâld. De live-muzyk komt fan de band Bêst Genôch.

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

12 April 2004

It is noch net dúdlik hoe't it takom jier komt mei it Aaipop-festival yn Nijlân. It muzykfestival mei allinnich mar Frysktalige acts moat takom jier romte ynleverje. Dat betsjut dat der yn elts gefal ien festivaltinte ferdwine moat. Mar mei minder minsken kin it festival net út, neffens de organisaasje.

Seis_Gymnasium_1

6 Gymnasium diel 1

07 Juny 2005

Yn dit programma wurdt in tal eineksamenkandidaten fan it Ljouwerter gymnasium folge. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Wietske van de Weg, in boeredochter fan it Bilt. Se is in briljante learling mar hat lêst fan in swiere harsenskodding en kin mar in pear oerkes deis wat dwaan. Ek wurdt der repeteard foar de haadfuif.