Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_JOHANNES_SPYKSMA_FR_020303_FR

De metoade Spyksma

02 Maart 2003

Johannes Spyksma siet 17 jier yn de Fryske Steaten foar de PvdA. No hâldt er him mei syn stichting Frija dwaande mei de leefberheid fan Fryslân. Mei in film reizget er by doarpshuzen del om dêrnei mei de bewenners yn petear te gean, dat se sels mei plannen komme kinne. As politikus fersette er him tsjin de 'ferminskliking' fan de natuer, mar no tinkt er dat dat net mear te kearen is.

LTV_DE_TWADDE_KARRIERE_170396_WR

De twadde karriêre: Hilbert van der Duim, Oeki Hoekema, Jannie Vierstra

17 Maart 1996

Hoe is it reedrider Hilbert van der Duim, fuotballer Oeki Hoekema en turnster Jannie Vierstra nei har sportkarriêre fergien? Hilbert van der Duim is learaar ekonomy yn Assen en riedslid, Oeki Hoekema hat in eigen snackbar yn Ljouwert en is ymporteur fan Noarske huzen en Jannie Vierstra hat in moadesaak.

LINKK 12: Kneppelfreed

LINKK 12: Kneppelfreed

16 Novimber 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer Kneppelfreed, oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal. Sjirk Franses van der Burg fertelt oer dy freed yn 1951 dat der spul wie om't Van der Burg net Frysk prate mocht yn de rjochtseal.