Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

Wyn op Woansdei: Nije wurkleazen

22 Oktober 2003

Programmamakker Gerard van der Veer dûkt yn de wurkleasheid. It leger wurkleazen is it ôfrûne jier yn rap tempo tanommen en it iene nei it oare Fryske bedriuw giet fallyt. Yn Den Haag wurdt keazen foar de hurde oanpak. Wurkleazen moatte safolle mooglik prikkele wurde om wer oan de slach te gean. Gerard van der Veer folget twa manlju dy't troch it fallissemint by skipswerf Bijlsma yn Warten wurkleas rekken. Fokke de Jong en Appie Zwerver hawwe harren libbenlang dêr wurke, mar moatte no leare hoe't sy wer oan de bak komme moatte.

LTV_WILLE_EN_PRETINSJES_1

Amateurtoaniel: Wille en pretinsjes (diel 1)

03 April 1994

We sjogge by it amateurtoaniel yn Fryslân. Sa'n 130 selskippen binne lid fan it Boun Fryske Toanielselskippen (BFT), dy't yn it Frysk spylje. Faak wurdt inselde stik op meardere plakken opfierd. We sjogge by Harkjemar, fan De Harkema. Regisseur en spilers fertelle wêrom't se graach spylje. We sjogge by de repetysjes, achter de skermen en by de opfiering. Yn De Lawei wurdt ek repetearre mei it stik 'De fekke yn de fûke', nei Shakespeare, yn regy fan Thom van der Goot dy't deroer fertelt. Ek spilers Elske Roorda en Johan Thijsen fertelle oer har rol.

LTV_Hotze-Schuil-De-Grutste-Keatser_WR

Hotze Schuil. De grutste keatser

14 Maaie 2006

Portret fan de 'keatser fan de iuw' Hotze Schuil (1924-2005), de Harnzer dy't in hiel soad prizen wûn. Yn dizze dokumintêre komt er sels wiidweidich oan it wurd oer syn jeugd en fansels it keatsen. Keatsmaten fan earder fertelle oer him en publisist Ate de Jong en ek Schuil syn dochters komme oan it wurd. Der is in soad argyfbyld fan keatswedstriden lykas de PC en fan Harns.