Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_060302_FERKIEZINGS

Sadwaande: Ferkiezingen

06 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer de gemeenteriedsferkiezingen. We sjogge yn de gemeente Wûnseradiel, in plattelânsgemeente mei 27 doarpen en hast 12.000 ynwenners. Net elkenien is op de hichte fan de polityk, oaren fine dat der te min bart. We folgje Willemijn van der Werf, riedslid en wethâlder Karel Helder en we sjogge by de jeugdried. Floris hat har eigen partij JEB, Jo Eigen Belang.

ITDOARP_WESTERGEAST_030699

It Doarp: Westergeast

03 Juny 1999

Portret fan it doarp Westergeast en syn ynwenners. We sjogge Johannes Boersma dy't tal fan gebouwen út it doarp tekene hat en koster Harm Bergsma fertelt oer de tsjerke. Yn it doarp is in doarpshûs, Fokkema's Pleats, der binne twa campings, in galery, in jachtbouwer, in jachthaven en in ljeskâns. In skoalle is der net, bern geane nei De Trieme. Tal fan ynwenners komme oan it wurd en fertelle oer har hobbys. We sjogge û.o. by de samling fan opsette bisten en poppen.

LTV_KOARNWERTERSAN_FR_160303_WR

Koarnwertersân - lit it mar sa't it is

16 Maart 2003

Portret fan Koarnwertersân en de bewenners. It plak is eins net mear as in strjitte, mei 19 huzen, by de Ofslútdyk. Earder bewenne troch minsken yn tsjinst fan Rijkswaterstaat dy't by de Lorentzslûzen wurken, mar nei't de wenplicht ferfoel, kamen der ek oare bewenners, lykas in pear út Amsterdam. Se komme der foar de rêst, romte en natuer, want der is neat te dwaan en der is ek mar ien kear yn it jier in aktiviteit op de buert. We sjogge se yn har deistich libben en se fertelle oer har bining mei it plak.