Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180723_SADWAANDE_28_03_2001_TV_SJEN.mp4

Sadwaande: Telefyzje sjen

28 Maart 2001

Dizze Sadwaande giet oer telefyzje sjen. Wêr sjogge we nei en wêrom? Henk Dijkstra is ûnderhâldstechnikus by Omrop Fryslân en hy leit út hoe't de technyk wurket. Rene van Dammen besjocht de sifers fan it Kijk- en Luisteronderzoek en we sjogge by twa famyljes dy't út prinsipe gjin telefyzje hawwe. It binne Sjirk Kuiper, sjoernalist by it Friesch Dagblad en dûmny Jan van der Kamp. Prinses op learzens sjocht tv en dat pakt wol hiel realistysk út.

Rondo Musica 4: Slachwurk

Rondo Musica 4: Slachwurk

23 Jannewaris 2001

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel fjouwer komme allerhanne slachwurkynstruminten foarby lykas marimba, bongo, djembé en pauk. Arjen Oosterhout leit de wurking út en fertelt oer de skiednis fan de trommel. Ek sjogge we by Van der Glas op It Hearrenfean dêr't houten trommels makke wurde.

Moai sûnder wjergea

Moai sûnder wjergea

01 Septimber 1988

In dokumintêre oer miljeu- en lânskipsfersmoarging. Henk Kroes fan it Fryske Gea fertelt oer gebieten dy't ôfsletten binne foar toeristen yn Earnewâld. Mar ek oan it wurd binne: feehâlders, Bob Beets fan de waadferiening en histoarikus Peter Karstkarel.