Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180628_SADWAANDE_12_12_2001_OER_DE_EURO.mp4

Dizze Sadwaande: Euro

12 Desimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer de euro. Yn 2002 wurdt de euro ynfierd en we sjogge no alfêst foarút mei Jan Kersbergen fan de Friesland Bank. We leare oer de skiednis fan de gûne en de foarrinners dêrfan yn it Fries Museum en sjogge op skoalle en yn de supermerk. Hoe geane dy mei de nije munt om? En hoe moatte we omrekkenje? Floris rout om it ôfskied fan de gûne.

LINKK 28: Berikberens

LINKK 28: Berikberens

26 Maart 2004

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer berikberheid. Troch de mobile telefoan binne we altyd berikber no. Kinne we noch wol sûnder? Ek sjogge we by chatte fia de kompjûter en âldere minsken dy't kompjûterles krije.

LTV_SOKRATES_2_NL_230901_WR

De Fryske Sokrates (diel 2)

22 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Hy hie kontakt mei Goethe en mei prinses Adelheid Amalia, Fürstin von Gallitzin.