Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180301_C48.mp4

LTV: Wat in wurk: De limnologen

22 Oktober 1989

In limnolooch ûndersiket swiet wetter. Yn 1906 is foar it earst ûndersyk dien nei it wetter fan de Tsjûkemar. De mar is noch altyd in belangryk stúdzje-objekt. Troch meunsters te nimmen dogge se ûndersyk nei algen en fisken. Rivieren, puollen en marren wurde bedrige troch fersmoarging. Yn it laboratoarium wurde de meunsters neier ûndersocht.

Hjoed: Aaipop 24 april 2000

Hjoed: Aaipop 24 april 2000

24 April 2000

It 14de Aaipop-festival yn Nijlân hat hjoed mear as 2700 entûsjaste muzykleafhawwers lutsen. It wie útferkocht en der wie in smûke sfear, sa stelt de organisaasje. In grut oantal bekende nammen út de Frysktalige muzyk wie te hearren, lykas Sabeare en Om 'e Noard. Mar ek bands en artysten dy't foar it earst in optreden hiene op Aaipop, lykas Dochmarwatts.

Seis_Gymnasium_2

6 Gymnasium diel 2

14 Juny 2005

Yn dizze ôflevering giet it om Roos en Remco. Roos is aktyf yn it bestjoer fan de learlingeferiening LGC. Drok mei it organisearjen fan feesten en fuiven, mar der moat fansels ek presteard wurde. En Gryks is har swakke plak. Alle wiken giet se dêrom nei byles. Fierder it ferhaal fan Remco. Remco hat it eins wol hân op skoalle en hat lêst fan in motivaasjedip, ta grutte argewaasje fan de dosinten. Om alles yn goeie banen te lieden komt der in pittich petear mei de direkteur.