Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_EMIGRANTEN_1

Emigranten: Tusken Kanada en Fryslân

04 Septimber 1994

We sjogge yn dit programma by Friezen yn Kanada. Alle jierren treffe sa'n 3.000 Friezen inoar sûnt 1968 yn Ontario op de Friezendei. Se sjonge Fryske lieten, keatse en kinne Frysk guod keapje. Oprjochter en foarsitter is Luut Miedema, oarspronklik fan Bûtenpost, no hat er in grut slachtersbedriuw. We folgje him, ek as er werom is yn it heitelân en dêr âld-Ynjegongers treft en by Teake van der Meer delgiet om te freegjen oft er op toernee troch Kanada wol. Ek mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer emigraasje en de Holland-Amerikalijn.

180705_SADWAANDE_OER_FRYSKE_DIKEN_16_12_1998.mp4

Sadwaande: Ferkearsfeilichheid

16 Desimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer feilichheid op de Fryske diken. Hoe ride minsken mei alkohol yn it ferkear? En wat drinke minsken yn de sportkantine, stappe se mei drank op achter it stjoer? We sjogge ek by Revalidatie Friesland yn Beetstersweach.

LTV_GEK_MEI_BISTEN_210399_WR

Gek mei bisten

21 Maart 1999

We sjogge by ferskate biste-opfangsintra: yn Sânhuzen is in rêsthûs foar kij, yn Nes in katte-opfang, yn Nijeberkeap in rôfdiere-opfang en yn Anjum in fûgelopfang. De respektyflike eigeners Bert Hollander, Kitty Schuurman, Arno van der Valk en Gaatske Visser fertelle oer har idealen en de leafde foar de bisten. Se moatte der in soad foar litte en foar jild binne se faak ôfhinklik fan stipers en fûnsen.