Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0406

Sybe Satellyt 0406

15 Febrewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sa sjocht Sybe by it wurk dat se dogge yn de Brandaris op Skylge. Henk Wortel jout útlis. Ek sjocht er by bioboer Thom de Groot yn Goattum by Grou. Hy wegeret syn kij earmerken yn te dwaan. De blusboat fan Grou moat Sybe fan de Pikmar rêde. En hy sjocht by de útfining op de Skoalfinne dêr't de bern in yntelliginsjetest betocht ha.

LTV_FRYSKE_MUNEN_160397_WR

Libje fan de wyn: Fryske mûnen

16 Maart 1997

Ferskillende mûnders fertelle oer de mûne dêr't se wurkje, guon mealle moal, oaren seagje hout. Se ha in grutte passy foar de technyk en de natuer en it ambacht. We sjogge by De Zwaluw yn Burdaard, De Rat yn Drylts, De Hoop yn Stiens, Stienhústermole yn Stiens en Klavermole yn Boalsert.

LTV_AMBASSADEUR_TWADDEKEAMERLID_WEROMROP

Ambassadeur foar Fryslân: Twadde Keamerlid Annemarie Jorritsma

04 Febrewaris 1990

Wat docht Den Haag foar Fryslân? Yn dit portret sjogge we wat it VVD-Twadde Keamerlid Annemarie Jorritsma docht. Se is mei in tal oare keamerleden, Klaas Tuinstra ( CDA) en Joop van den Berg (PvdA) by in diskusje foarôfgeand oan de betinking fan de Slach by Warns. We folgje har yn har wurk yn Den Haag, by in fraksjegearkomste en sjogge yn de flat dêr't se troch de wike wennet. Ek sjogge we har op besite by in gearkomste yn Dokkum foar froulju.