Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MEINDERTTALMA_FR_141001_WR

De wrâld fan Meindert Talma

14 Oktober 2001

Portret fan muzikant en skriuwer Meindert Talma (1968). Hy fertelt oer syn jeugd yn Surhústerfean, studintetiid yn Grins en syn muzyk en skriuwerij. We folgje syn band Meindert Talma and the Negroes op wei nei in optreden yn Paradiso, sjogge Meindert by studio-opnamen. Ek by syn wurk by it Kunstencentrum yn Grins, en mei syn maten fan de Hobbyrock by in toanielstik en film. Mei Nyk de Vries makket er it tydskrift De Blauwe Fedde, we sjogge se by ferskate ynterviews.

JOHANVANDERZEE_FR_WR2

De lêste reportaazje fan Johan van der Zee

24 Maart 2002

Johan van der Zee wie de redakteur foar Fryslân by it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. By syn ôfskied sjocht er werom en op de resepsje komme kollega's oan it wurd.
Van der Zee wurke by de RONO en kaam yn 1968 yn tsjinst yn Hilversum. We sjogge fragminten fan ferskillende reportaazjes dy't er makke, lykas syn earste op De Harkema, en we sjogge by de lêste reportaazje dy't er makket oer de gefolgen fan sâltwinning en de skea fan boaiemdelgong. Hy fertelt ûnder oare oer it foaroardiel dat bûten de Rânestêd elk op klompen rint en oer it brûken fan it Frysk.

180717_SADWAANDE_OER_LESPROJEKT_TOMKE_25_10_2000.mp4

Sadwaande: Tomke

25 Oktober 2000

Dizze Sadwaande giet oer Tomke, it Fryske lêsbefoarderingsprojekt. We prate mei de inisjatyfnimmers, tekener en skriuwer fan de ferhaaltsjes en sjogge by de opnamen fan de stimmen foar it filmke. Ek hearre we oer it belang fan foarlêzen en it learen fan Frysk. Prinses op learzens leart ek Frysk.