Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_100-jier-Frysk-yn-it-underwiis_WR

Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.

ABD-sjoo 0405

ABD-sjoo 0405

27 Jannewaris 2005

Yn de fyfde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Twirre út Oerterp en De Librije út De Gordyk it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by skilderijen oer de dea yn it Fries Museum, in brûnsjitterij yn Ljouwert en yn it Fries Scheepvaart Museum wurdt ferteld oer de trekskûte. Te gast is Mariska de Boer mei in bonke fan in ko. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

LTV_EMIGRANTEN_2

Emigranten: Fryslân, that's my home

11 Septimber 1994

Yn dit programma sjogge we by Fryske emigraasjefamyljes dy't nei Fryslân op besite komme. In soan en dochter fan de famylje Van der Sluis gienen yn 1952 nei Nij-Seelân, twa jier letter folge de rest fan de famylje. No binne se nei 40 jier foar it earst wer werom yn Fryslân en sjogge ûnder oare yn it âlderlik hûs yn Boalsert. Ek sjogge we by oare famyljes dy't sa no en dan wer nei it heitelân komme. Mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer in grut emigraasjeskip dat út de Rotterdamske haven fart.